Film 'Water Wieg me' freedtejûn by Omrop Fryslân

13 nov 2020 - 10:12

Omrop Fryslân stjoert dizze wike op trije jûnen in film út om 21.00 oere. Gjin Fryske film, mar wol films mei in Noardlike fokus. Krekt as it Noordelijk Film Festival, dat oars dizze wike wêze soe, mar troch de coronamaatregels net trochgean kin. Freedtejûn is 'Water Wieg Me' te sjen.

It skip mei Ferry Heijne - Foto: Docmakers

Sanne Rovers is de regisseuze fan 'Water Wieg Me' (2019). Sy neamt dizze film 'Een ode aan de droefenis'. It is in muzikale 'boatmovie' oer it wetter fan Grinslân. Sanne Rovers folget sjonger/komponist Ferry Heijne fan De Kift, wylst hy ûnderweis minsken moetet. De libbensferhalen dy't Ferry heart, ynspirearje him ta nije lieten. Yn dy ferhalen en muzyk giet it oer iensumens, weemoed en trochsette.

In seeman dy't net langer op see wêze wol. In frou dy't op it wetter har leafde ferlear. It fertriet fan in man dy't fertelt hoe't syn dochter deadlik troffen waard troch it wjerljocht, Allegear yndrukwekkende ferhalen dy't foarby komme. De dichter Rodaan Al Galidi dy't poëzy skriuwt oer langstme en ûnwennichheid. De nammen fan de fertellers stean op de ôftiteling, mar eins giet it oer ferlies, iensumens, âlderdom of it needlot.

De trailer fan Water Wieg me:

It binne ferhalen dy't by de muzyk fan De Kift passe. Ferry Heijne: "Met muziek wil ik mooie teksten nog mooier maken." De Kift komt út Zaanstad en bestiet al 30 jier. Harren muzyk wurdt wol omskreaun as 'fanfarepunk'. Heijne skriuwt poëtyske teksten oer weemoed en fertriet, leafde en feest.

Fielt as spylfilm

De Nederlânske regisseur Sanne Rovers (1981) makket dokumintêres dy't op ynternasjonale filmfestivals draaid wurde. De film 'Water Wieg Me' is in dokumintêre dy't fielt as in spylfilm. As sjogger farre jo mei oer it glinsterjende wetter fan de Grinslânske fearten, wylst je lústerje nei yndrukwekkende ferhalen. De film is nominearre troch it Noordelijk Film Festival foar in Noorderkroon, yn de kategory 'Beste Documentaire'. Op 14 novimber wurde de priiswinners bekend.

Water Wieg Me is freed 13 novimber jûns om 21.00 oere te sjen by Omrop Fryslân TV. De film wurdt mar ien kear útstjoerd. Yn april 2020 hat 'Het Uur van de Wolf' de film útstjoerd en dêr is hy ek online werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)