Jubileumboek Boelensloane en De Houtigehage: doarpen besteane 100 en 90 jier

16 nov 2020 - 07:46

Yn 2020 en 2021 fiere twa doarpen in jubileum: Boelensloane en De Houtigehage besteane 100 en 90 jier. Dêrom is der troch Martinus Jongsma en Jaap Jongejan in boek skreaun oer de skiednis fan dizze jonge doarpen: Twa doarpen op 'e heide. Dat boek waard it ôfrûne wykein presintearre.

In spitkeet yn De Houtigehage yn 1923 - Foto: Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed | Klaas Uilkema

De doarpen stiene eartiids bekend as earme heidedoarpen. Eins wiene it offisjeel noch gjin doarpen, mar buorskippen op in oar doarpsgebiet. Boelensloane hie yn it ferline de namme Feanster Heide (Surhuisterveensterheide). It foel ûnder Surhústerfean en waard pas yn 1921 in selsstannich doarp. It doarp krige de namme fan de famylje Boelens, dy't njonken in bûten yn Bûtenpost ek in soad grûn en turflân hie. Dy namme waard mei keazen om it byld fan de streek as earme heidedelsetting te ferjitten.

Ien fan dy oare heidedoarpen yn it Frysk-Grinzer grinsgebiet wie De Houtigehage, dat yn 1930 in eigen doarp waard en dêrfoar ûnder Drachten en De Rottefalle foel. De doarpsnamme wiist op in stripen grûn dy't oerbleaune nei de feanterij.

Skriuwers Martinus Jongsma en Jaap Jongejan

Foto: Plaatselijk Belang Houtigehage

Heidedoarpen

Beide doarpen binne yn de rin fan de 18e- en 19e iuw op de heide ûntstien as in soarte feankoloanjes. Der waard turf stutsen en dêrtroch wennen der in soad arbeiders. Nei de feanterij bleaune in soad arbeiders yn earmoede efter. Sy wennen faak yn spitketen en de heidedoarpen hiene in minne namme om't oare doarpen op de heidsjers del seagen, ek al wie it imago net terjochte.

Yn it boek is omtinken foar in grut ferskaat oan ûnderwerpen. Der steane anekdoaten en foto's yn, mar ek bygelyks âld kaartmateriaal en ferklearringen fan strjitnammen. De midsiuwske kleasters yn de omkriten komme oan bar, mar ek de oarloch, it fuotbal en de skiednis fan it sosjalisme fan Boelensloane en it kommunisme fan De Houtigehage.

Kommunistyske klompkes yn Georgië

Skriuwer Jaap Jongejan fertelt dat der sa ek wat moais ûntdutsen is oer it kommunisme. "It docht bliken dat der yn it Stalin Museum yn Georgië in pear reade, beskildere klompkes efter in fitrine lizze. Dy klompkes binne yn 1949 troch de lokale ôfdieling fan de CPN nei it Easten stjoerd fanwege de 70ste jierdei fan Jozef Stalin, de lieder fan de Kommunistyske Partij."

Dat der klompkes ferstjoerd binne, is gjin tafal. "Yn de heidedoarpen wiene in soad klompmakkers. Dat kaam ek troch de wurkferskaffingsprojekten, dy't ûnder oare opset wiene troch de bekende dûmny-evangelist Visser."

Martinus Jongsma en Jaap Jongejan hawwe in goed jier dwaande west mei it skriuwen fan it boek, dat fan14 novimber ôf te keap is.

It ferhaal fan de kommunistyske klompkes

(Advertinsje)
(Advertinsje)