Gjin tasizzing, mar ek gjin streek troch subsydzje foar De Wâldsang

Der giet noch gjin definitive streek troch de subsydzje fan kultuersintrum De Wâldsang yn it jier 2022, mar de gemeenteried fan Achtkarspelen wol ek noch gjin stipe tasizze. In amendemint fan de PvdA en de FNP om ôf te sjen fan de besuniging op De Wâldsang krige allinnich stipe fan GrienLinks.
De riedseal fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Wethâlder Max de Haan (Gemeentebelangen) woe de plannen net ynlûke. "Wy moatte 1,3 miljoen besunigje op it sosjaal domein, dy opdracht ha we krigen fan de ried. Dus we moatte hjiroan fêsthâlde, al is it mei pine yn it hert."

"Dan dit mar"

In moasje om de kontinuïteit fan it muzykûnderwiis feilich te stellen helle it wol. Sjon Stellinga fan de PvdA hie leaver in echte tasizzing oan De Wâldsang sjoen, mar stimde dochs foar de moasje. "Dat doen we met een bloedend hart. We zien veel liever dat het zwaard van Damocles boven de 50 jaar cultuurgeschiedenis van de Friese Wouden werd weggehaald. Dan dit maar. Het is beter dan niets."
De FNP wie de iennige fraksje dy't tsjin de moasje stimde. "It is alles of neat", sei Tjibbe Brinkman. "Dit is neat, dus wy stimme tsjin."
Kultuersintrum De Wâldsang © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Mei de moasje prate ûnder oare de gemeente en De Wâldsang ôf om takom jier nochris nei de finansiering te sjen. Achtkarspelen is de belangrykste jildsjitter foar De Wâldsang. As de gemeente trochset om yn 2022 de finansiering stop te setten, dan falt betelber muzykûnderwiis en de les op skoallen fuort. Dat giet om tolve skoallen yn Achtkarspelen.
Oan it begjin fan de riedsgearkomste spruts foarsitter Teije Dijk fan De Wâldsang de ried ta. Hy oerlange ek 4.007 hantekens oan boargemaster Oebele Brouwer. "Hjirmei wolle nochris oanjaan dat it libbet ûnder de bewenners. Goed fyftich jier lyn waard yn dizze gemeente de basis lein, dat moat net ferdwine", sei Dijk.
It oanbieden fan de petysje © De Wâldsang