Kollum: "Ferbale jarre"

"Rutte en De Jonge ha woansdei yn in livestream op social media antwurden jûn op fragen oer it firus en ik ha efkes nei de reaksjes sjoen. Oan 'e iene kant wurde se wurdearre en oan 'e oare kant foar rotte fisk útmakke. In protte minsken fine dat alles de skuld is fan de oerheid, sels as se yn 'e skiterij binne. Se kinne der blykber neat oan dwaan dat se de ferbale jarre der mar gewoan útblabberje.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
It is altyd goed om kritysk te wêzen, mar om no noch te bewearen dat dit firus net bestiet, is wol hiel koartsichtich. Der binne in protte minsken ferstoarn en siik wurden, ek al kinst nimmen yn dyn buert dy't it hat. En wat in soad lju neffens my wolris ferjitte, is dat de minsken yn 'e soarch net út de polityk komme. Salang't dy op it toskfleis rinne, sil der dochs echt wol wat te rêden wêze.
De realisten fine dat de dea no ien kear by it libben heart en dat dit firus in natuerlik proses is dêr't we net sa spastysk oer dwaan moatte. No hat de natuer einlings eat betocht om de balâns te werstellen en dan moatte wy dêr wer sa nedich tsjin fjochtsje. Okee, sa kinst tinke, mar ik bin benijd as sokken sels ek slim siik west ha of neisten ferlern ha. Earlik sein tink ik it net.
De oanstellers ferlykje de beheiningen troch dit firus wol mei in oarloch of in finzenis. Sokken ried ik oan om in kear nei Auschwitz te gean. Of tulpebollen te iten en op in lege mage en lege bannen nei Amsterdam te fytsen foar in liter molke. Kinst miskien ek ris besykje hoe't it fielt om dyn bern oan wyldfrjemden ta te fertrouwen, mei de noed oft it allegear goedkomt. Mar in healjier Marwei is ek prima, prate we dan wer.
Yn 'e spirituele wrâld wurdt sein dat it firus in ûnderdiel is yn de oergong fan 3D nei 5D. Minsken dy't yn de tredde diminsje libje, sjogge dizze tiid as in krisis en binne benammen bang. Mar ast it besjochst as in oergong nei de fiifde diminsje, dan begrypst dat dizze perioade nedich is om los te kommen fan wat dy net mear tsjinnet. De lockdown wie in útnûging om derachter te kommen watst werklik bist sadatst dy wer ferbine kinst mei it ljocht fan dyn hegere sels. Eins komt it derop del dat it in kâns is datst fallyt gien bist, joepie!
Astrologen ha al skoften warskôge dat 2020 in dreech jier fol beheiningen wurde soe, want de stân fan de planeten wie net al te geunstich. Yn it foarjier seine se al dat der yn it neijier noch in klap op komme soe en as ik it goed begryp, dan sil it ein dit jier wer wat nofliker ferrinne. Ik wit allinnich net oft de planeten rekken holden ha mei in mooglik fjoerwurkferbod, dus it sil my benije!
It is ûnmooglik foar in man as Rutte om it yn 'e eagen fan elkenien goed te dwaan, mar as ik him wie dan, hie 'k al lang de middelfinger opstutsen, nei al dat kommentaar. Sykje it mar út, seursekken! It universum regelet it wol. De sterksten oerwinne, dus gean der mar wer op út as it fan 't wykein moai waar is. Nim risiko's, sûp jimme klem, lit de swakken mar stjerre en dan sjogge we wol hoe lang't it allegear noch duorret.
Mar Rutte én ek De Jonge sizze soks net. Dy bliuwe fatsoenlik en besykje it lân troch in krisis te lieden, sa goed en kwea as se kinne."