Gefolgen coronakrisis ûngelyk ferdield foar ynwenners fan Fryslân

De gefolgen fan de coronakrisis binne net lyk oer de ynwenners fan Fryslân ferdield. Benammen jongfolwoeksenen, flekswurkers, zzp'ers en senioaren hawwe te lijen fan de krisis. Dat docht bliken út in twadde corona-ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau (FSP). Veiligheidsregio Fryslân hat tasein de resultaten fan it ûndersyk te brûken by de oanpak fan de krisis.
© Fries Sociaal Planbureau
"Hoe soargje we derfoar dat dizze groepen net fierder achterop reitsje? Dat is de belangrykste opjefte, hielendal as de krisis langer oanhâldt", seit ûndersiker Arjen Brander oer de risikogroepen dy't út it ûndersyk nei foaren komme.

Elkoar helpe

De sosjale gearhing yn Fryslân is noch hieltyd sterk en de reewilligens om inoar te helpen is tanaam, sa docht bliken. Sa'n 17 persint fan de minsken jout oan buorlju te helpen mei boadskippen of help yn de húshâlding. Dat is wol benammen yn buerten dy't al in sterke bining mei-inoar hiene. Want de sosjale gearhing kin ek ûnder druk komme te stean as de krisis en maatregels langer duorje.
It betrouwen yn de oerheden is omleech gien, mar is noch wol hieltyd heger as fóar de coronakrisis. Minsken hawwe noed oer de ekonomyske gefolgen en de ûnwissens fan de krisis. Minsken sitte benammen yn oer wurk en ynkomen. Jongerein tinkt it minst oer de oerheid, âlderein tinkt der better oer.

Soargen by jongerein en minsken mei in legere oplieding

De measte selsstannigen en flekswurkers hawwe noed oer hoe't it komt, dat binne benammen jongerein en minsken mei in legere oplieding. In flekskontrakt makket harren kwetsber. By de minsken mei in fêst kontrakt makket mar 9 persint him soargen.
Alderein fielt him faker iensum. Hast ien op de tsien minsken boppe de 70 jier fielt him bot iensum. Dêrnjonken is de mantelsoarch dreger wurden. Dizze wike waard al dúdlik dat ien op de trije mantelsoargers, dy't dêrnjonken wurket, tsjin in burn-out oansit.
Undersiker Arjen Brander fan it Fries Sociaal Planbureau
It ûndersyk is yn septimber en oktober útfierd oan de hân fan in represintatyf boargerpanel fan sa'n 6.000 Friezen fan 18 jier en âlder. Yn totaal hawwe goed 2.700 de fragelist ynfolle.