CNV: Tsientallen miljoenen nedich tsjin wurkleazens yn Noard-Nederlân

13 nov 2020 - 12:05

Fakbûn CNV komt mei in needgjalp: it kabinet moat rap mei in ynvestearringsplan fan tsientallen miljoenen euro's komme foar Fryslân en Grinslân om wurkleazens foar te kommen. De coronakrisis komt neffens foarsitter Piet Fortuin fan CNV as in 'mokerslach' oan. "Friezen en Grinslanners sitte yn 'e hoeke dêr't in soad klappen falle. Yngripe moat."

CNV: Tsientallen miljoenen nedich tsjin wurkleazens yn Noard-Nederlân

Neffens it CNV krijt Fryslân benammen yn de hoareka- en toerismesektor in hurde klap. In soad Friezen fertsjinje yn dy sektoaren harren ynkommen.

Yn juny die út in enkête fan CNV ûnder 4.000 leden bliken dat sy de wurkgelegenheid ôfnimmen sjogge en dat twatredde net tinkt gau wer in baan te finen nei't sy harren wurk kwytreitsje soene. Neffens CNV lizze dy sifers op dit stuit noch heger.

Aksjeplan: fan Lelyline oant omlearstipe

It kabinet soe dêrom wurk meitsje moatte fan in aksjeplan. Dêr soene wat it fakbûn oanbelanget yn alle gefallen fjouwer punten yn nei foaren komme moatte. As earste de Lelyline, de treinferbining tusken Grins, Drachten en de Rânestêd. Dat moat net allinne yn it Noarden wurk opsmite, mar ynwenners fan Grinslân en Fryslân moatte sa ek makliker in baan yn it Westen oannimme kinne.

Foarsitter Piet Fortuin fan CNV - Foto: Omrop Fryslân

CNV-foarsitter Piet Fortuin oer wat der nedich is

Wurk nei it Noarden

As twadde moatte oerheidsprojekten neffens CNV safolle as mooglik nei it Noarden ferpleatst wurde, foar alle oerheidsynvestearringen moat in saneamde 'regiotoets' komme om te sjen oft in bepaald projekt ek yn de regio útfierd wurde kin. As tredde moatte bedriuwen fiskale foardielen krije om harren der ta te bewegen yn it Noarden en oare krimpgebieten te fêstigjen.

En as lêste moat der in Noardlik stimulearringsfûns komme om wurkleazen in nij fak te learen, fynt it CNV. Minsken yn de hoareka soene bygelyks mear stipe krije moatte om oan it wurk te kinnen yn in oare sektor dêr't op dit stuit wol ferlet is fan minsken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)