'We sette troch': fan ljochtûntwerper nei timmerman

13 nov 2020 - 06:44

De folsleine teätertour fan BLØF gie troch de krisis net mear troch en dus siet Patrick Kramer fan Weidum sûnder wurk. As ljochtûntwerper fersoarge Kramer de tour fan de band. Al mear as 30 jier is Kramer dé ljochtman foar grutte shows. Sûnt maart ha der gjin opdracht mear west. "Dus moast ik wol in oar fak leare," seit Kramer wylst hy mei in grutte seage yn de hannen stiet. "Ik bin no timmerman wurden, sa liket it dochs in bytsje op myn âlde wurk."

Patrick Kramer set troch:

Rige trochsette Patrick Kramer

De parsekonferinsje fan premier Rutte kaam yn maart as in grutte klap foar Kramer. "Ik sit al mear as 30 jier yn it fak", seit er. "Dy shows dwaan is it moaiste dat der is, je libje der echt foar." De sfear dêr't Kramer hjoed-de-dei yn wurket is folslein oars as doe't er foar 50.000 minsken stie op in evenemint.

Kramer: "Wy moatte no foar in griensintrum yn Wytmarsum in nije yngong bouwe. De feestdagen komme deroan en sy wolle foar harren klanten in feestlike yngong meitsje. Dit gebou wurdt in soarte fan Eastenryksk hokje. Dat is dochs itselde as dekôr bouwe. It liket der aldergeloks noch wol op."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Patrick Kramer

Patrick Kramer op de boupleats - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Kramer is no in pear moannen foar it bedriuw fan Ait Jan Bouma dwaande. "De earste kear wie it al efkes wennen doe't er binnenkaam. Dêr bin ik wol earlik yn", laket Bouma, wylst er Kramer wat ynstruksjes jout. "Hy hat fansels nea as timmerman wurke, dus je moatte wol efkes wat byspringe hjir en dêr. Mar dat kinne wy allegearre wol en dat is foar ús ek wol aardich. Kramer is troch syn eigen wurk ek frij kreatyf en krekt yn it meitsjen fan dingen. Dat komt by ús goed út."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Al dy kompliminten dogge my wol goed", laket Kramer. Hy foarsjocht it dak fan it hokje fan in tal spikers. "Ik bin tige bliid dat ik noch wurk ha, want de hier en de famylje geane wol gewoan troch. Mar ik kin net wachtsje oant de ein fan de lockdown. Dan hoopje ik wer lekker myn eigen ding te dwaan. Dit is hast itselde, mar it is dochs oars."

#wesettetroch

Dizze hjerst komme der nije, sfearfolle en passende programma's by Omrop Fryslân. Want #wesettetroch yn dizze coronatiid! Op radio, telefyzje en ynternet is dêrom de kommende wiken in rige mei portretten fan minsken dy't troffen binne troch de coronakrisis en fan need oar wurk fûn hawwe. Sy lizze har net del by tsjinslach en wolle harren sels rêde kinne. Sy sette troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)