Coronanijs 13 novimber: Hoarekapersoniel wurket yn sikehûs | Gjin fjoerwurk mei âld en nij

13 nov 2020 - 23:55
23:08
Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog. Tank foar it folgjen. Sneon is der wer in nij liveblog.

22:06
Sinteklaassintrale hat ek lêst fan corona

Alle jierren liket it mis te gean, mar úteinlik komt it altyd wer goed. Dan giet it fansels oer de yntocht fan Sinteklaas. Mar dit jier is it wol oars as oars troch de coronamaatregels, en guon yntochten gean sels hielendal net troch. En dat hat ek gefolgen foar de Sint Nicolaas Centrale Friesland yn Kollumersweach, dat de pitepakken en de klean fan Sinteklaas ferhiert.

Sinteklaassintrale Fryslân yn Kollumersweach

20:20
Meiwurkers De Lawei wurkje tydlik yn Nij Smellinghe

Fjirtjin hoarekameiwurkers fan teäter De Lawei yn Drachten wurkje op it stuit yn sikehûs Nij Smellinghe. No't De Lawei tydlik sletten is fanwege de coronakrisis, wurde de meiwurkers yn it sikehûs ynset om net-soarchtaken fan it soarchpersoniel oer te nimmen. Se ûntfange en begeliede besikers en bringe iten en drinken del by pasjinten op de reguliere ôfdielingen.

Nij Smellinghe hopet op dizze wize de druk foar de eigen meiwurkers te ferminderjen, mar tagelyk ek wat betsjutte te kinnen foar it hoarekapersoniel fan de skouboarch. Neffens Alfred Matthijssen, haad bedriuwsfiering fan De Lawei, binne syn meiwurkers der wiis mei. "We zijn blij dat we op deze manier ons steentje kunnen bijdragen tijdens de piek in de tweede golf."

Meiwurker Marrick de Jong fan De Lawei oan it wurk yn Nij Smellinghe - Foto: De Lawei
18:43
WK ôfstannen en wrâldbeker shorttrack yn Peking skrast

It ynternasjonaal reedrydbûn ISU hat it Wrâldkampioenskip ôfstannen en de wrâldbeker shorttrack yn Peking skrast. De eveneminten stiene foar ein febrewaris op de aginda, mar kinne fanwege it coronafirus net trochgean.

It bûn ûndersiket no oft der noch in oare lokaasje fûn wurde kin foar it WK ôfstannen. De wrâldbeker shorttrack wie earder al ferplaatst fan desimber nei febrewaris, en sil no definityf net trochgean.

17:57
Kommersjele teststrjitte op De Hemrik yn Ljouwert

Wylst it tal coronabesmettingen omleech giet, is der op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert in nije snelteststrjitte iepene. De kommersjele teststrjitte is opset, omdat de wachttiden by de GGD in skoftsje lyn sa bot oprûnen, dat minsken dagen of soms wol in wike thússieten yn ôfwachting fan in test of in útslach. De útslach fan de test op de nije lokaasje is binnen in kertier dúdlik.

De GGD advisearret lykwols om net by kommersjele ynstânsjes te testen, mar by klachten in ôfspraak te meitsjen by in offisjele testlokaasje.

Snelteststrjitte Hemrik Ljouwert

17:44
Húsdokter oer faksinaasjes

De draaiboeken foar in grutskalige corona-faksinaasje binne yntusken út de kast, seit de GGD. Earder dizze wike kaam in Amerikaansk farmasybedriuw mei posityf nijs oer in faksin, dat yn njoggen op de tsien gefallen wurket. Mar foardat it faksin ienkear op 'e merk komt, leit der in grutte logistike puzel. En de húsdokters kinne dêr ek in rol yn ha, sei de GGD freedtemiddei.

Mirjan Talsma, húsdokter yn Burgum en bestjoerslid fan de Fryske húsdoktersferiening, prate dêr freedtemiddei oer yn it radioprogramma Weistra op Wei.

Mirjan Talsma

17:32
Rutte: teäters en bioskopen meie fan tongersdei ôf wer iepen

Lykas ferwachte kinne de teäters, bioskopen, swimbaden en biblioteken kommende tongersdei wer iepengean. De tydlike ekstra maatregels fan twa wiken rinne woansdeitejûn let op 18 novimber ôf, premier Mark Rutte freed op in parsekonferinsje. "Het was echt voor twee weken."

Freed waard bekend dat it tal besmettingen wer wat omheech giet.

It is neffens Rutte noch net presys te sjen wat de ekstra maatregels oplevere hawwe. "De verwachting is dat het leidt tot 200 opnames minder op de intensive care en 1200 opnames minder in de ziekenhuizen. En daarnaast betekent het een versnelling van de werking van het pakket maatregelen van 13 oktober, dat dus blijft doorlopen", sa seit Rutte.

16:45
Gjin fjoerwurk mei âld en nij

Der mei dit jier gjin fjoerwurk ôfstutsen wurde mei âld en nij. It kabinet hat in ferbod foar ien kear op de ferkeap en it ôfstekken fan fjoerwurk oankundige foar de kommende jierwikseling. Lyts fjoerwurk, sa as stjerkes, falt net ûnder it tydlike fjoerwurkferbod.

Boete

It ferbod sil hanthavene wurde mei boeten, seit minister Ferd Grapperhaus fan Justysje en Feiligens. In boete sil yn alle gefallen 100 euro wêze, wat betsjut dat it ek op it strafblêd komt te stean. Neffens de plysje is it hanthavenjen better te dwaan wannear't der in totaalferbod is, sa seit Grapperhaus.

It ferbod moat de soarch ûntlêste, de sikehûzen binne oerbelêste troch it coronafirus. By de lêste jierwiksel kamen der sa'n 1.300 minsken yn it sikehûs en by de hûsdoktersposten, om't se fjoerwurkletsel oprûn hiene.

Kompensaasje

De fjoerwurkbrânsj krijt fan it kabinet sa'n 40 miljoen euro ta kompensaasje, fertelt steatssekretaris Stientje van Veldhoven fan Ynfrastruktuer. De Belangenvereniging Pyrotechniek Nederland giet takom wike mei it kabinet om tafel om te bepraten 'wat it fûns no ynhâldt'.

16:30
Proef mei 1.500 supporters yn fuotbalstadions

It kabinet hat tastimming jûn foar in proef wêrby't wer maksimaal 1.500 supporters in fuotbalstadion yn meie. De besikers wurde fan tefoaren test op corona en ferdield oer 'bubbels'. Yn eltse bubbel wurdt in bepaalde maatregel test om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen, sa as it brûken fan mûlkapkes en it wol of net jubeljen.

De proef wurdt dien by Almere City en NEC Nijmegen, mar kin pas útfierd wurde wannear't it risikonivo 'waakzaam' is, de leechste kategory. Foar de measte regio's jildt op it stuit it risikonivo 'zeer ernstig', yn Fryslân jildt no it nivo 'ernstig'.

15:30
Oprop foar ekstra soarchpersoniel op bussen en ambulânsen

Fryslân hat mear soarchmeiwurkers nedich. Dat driuwende boadskip stiet fan dit wykein ôf op bussen en ambulânsen yn Fryslân. Mei de kampanje 'Extra handen voor de zorg' moat der foldwaande kwalifisearre meiwurkers foar de soarch fûn wurde. Ferfiersmaatskappij Arriva en de ambulânsefoarsjenning RAV Fryslân wurkje hjiryn gear mei organisaasjes foar âlderein en beheinden en de thússoarch.

De Fryske soarchynstellingen pleatsten foarige wike al advertinsjes yn dei- en wykblêden en diene meardere oproppen fia sosjale media. Dêr komme no stickers op de efterkant fan seis bussen fan Arriva en de ambulânsen fan RAV Fryslân by. Beide partijen freegje hjirfoar gjin fergoeding.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)