Opposysje Noardeast-Fryslân stapt út riedsgearkomste oer ferkeap gemeentehûs Kollum

De folsleine opposysje yn de gemeente Noardeast-Fryslân is tongersdeitejûn opstapt út de riedsgearkomste. Sy koene har net fine yn it beslút om achter sletten doarren oer de ferkeap fan it eardere gemeentehûs yn Kollum te praten.
© RTV NOF
De gearkomste oer de ferkeap fan it Kollumer gemeentehûs fûn achter sletten doarren plak. "Vanwege het procesbelang van de gemeente en derden is besloten, om er in de raad besloten over te spreken." De ynsprekkers, trije bedriuwen dy't it gebou oernimme woene fan de gemeente, diene oan it begjin fan de gearkomste wol iepenbier harren ferhaal.
Pieter Braaksma fan de grutste opposysjepartij, Gemeentebelangen, fertelt wêrom't se derút stapten
Oer de ferkeap fan it gemeentehûs is rebûlje ûntstien. Ein oktober gunde it kolleezje fan boargemaster en wethâlders it pân oan it bedriuw Fotocadeau út Kollum. Mei dy gunning is sa'n 1,7 miljoen euro muoid.
Fêstgoedûndernimmer Wim Bulten spruts earder al syn ûnbegrip oer de gong fan saken út. Hy fynt dat de proseduere om de ferkeap fan it eardere gemeentehûs hinne opnij moat.
Johan Talsma fan opposysjepartij ELP-NEF fynt dat de hiele beslútfoarming opnij moat