Tytsjerksteradiel hoecht minder te besunigjen: gemeenteried ferrast

De gemeente Tytsjerksteradiel hat oer de begrutting fan 2021-2024 struktureel 190.000 euro oer. Dat sei wethâlder Tytsy Willemsma tongersdei foarôfgeande oan de riedsgearkomste. Troch de ûnferwachte finansjele meifaller stiet de ried foar in ferrassing: it besunigingsplan lei al klear, mar der hoecht de kommende jierren dus minder besunige te wurden.
It gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel yn Burgum © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Tytsjerksteradiel hold rekken mei in struktureel tekoart fan tusken de 3 en 4 miljoen euro. Meardere riedsleden wolle no in nije konsept-begrutting en mear tiid om te debattearjen. Neffens boargemaster Jeroen Gebben is dat net mooglik, om't de definitive begrutting op 15 novimber ynlevere wurde moat by Provinsje Fryslân.