'Coronafirus foar fûgels' makket hûnderten slachtoffers yn Fryslân

12 nov 2020 - 19:57

De fûgelgryp makket hieltyd mear slachtoffers yn it noarden fan it lân. Oer de dyk by Blije lizze hûnderten deade fûgels. "Om ons heen liggen overal dode brandganzen. Daar verderop lopen er nog twee, waarvan eentje het heel duidelijk heeft. Het schudden met de kop, het trillen alsof ze parkinson hebben en het alsmaar linksom rondjes lopen. Dan weet je wel hoe laat het is", fertelt Ruurd Jelle van der Leij. Hy is as fotograaf en filmmakker in soad yn de natuer te finen en is no de deade bisten oan it tellen foar It Fryske Gea.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"Ik denk wel dat de populatie brandganzen dit aan kan. Ik maak me meer zorgen over bijvoorbeeld de slechtvalken", leit Van der Leij út. Fan de deade guozzen binne in soad ek oanfretten. "Van de slechtvalken hebben we veel minder. Als ze deze dieren aanvreten, hebben ze het zelf. En het lijkt erop dat ze er heel gevoelig voor zijn."

Wêr't it firus weikomt, is op it stuit net hielendal dúdlik, mar Van der Leij hat in fermoeden. "Het komt waarschijnlijk uit de pluimveesector in China. Het is een virus dat in het wild niet voorkwam in deze variant. Het is heel ongelukkig, maar het zegt ook wel iets over hoe wij dieren houden."

It is dus begûn op inselde manier as it coronafirus dat de wrâld no sa yn de besnijing hâldt. "Als je een lockdown kon instellen, was het gauw over. Maar die ganzen luisteren niet! Je hebt hier geen grip op", fersuchtet Van der Leij.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ferskillende ynstânsjes binne no yn oerlis oer wat der mei alle deade fûgels barre moat. Wim van der Veen liedt in nije wurkgroep dy't him hjirmei dwaande hâldt. "Der binne gebieten dêr't tal fan deade fûgels binne, mar it byld is no net dat dat fierder oprûn is. We hawwe no in oantal basisôfspraken makke. Sa wurde deade fûgels wol romme op sichtlokaasjes dêr't we maklik by kinne. Fierder wurdt der sjoen nei wat we dogge yn bûtengebieten dêr't net in soad minsken komme. We wachtsje dêrfoar noch even in lanlik advys ôf", seit Van der Veen.

Oan minsken dy't deade of sike fûgels oantreffe, jout er it advys om de bisten net oan te reitsjen. "Vooral melden." En dat kin fia de webside fan Veiligheidsregio Fryslân, sa lit Van der Veen witte.

Harkje nei de bydrage oer de fûgelgryp

(Advertinsje)
(Advertinsje)