Mear seehûntsjes yn Nederlânske part fan Waadsee

12 nov 2020 - 18:44

It tal seehûnen yn it Nederlânske part fan de Waadsee is it ôfrûne jier opnij groeid. Dat seit de Wageningen Universiteit. It tal seehûnepups dit jier lei sawat tsien persint heger as ferline jier.

Foto: Zeehondencentrum Pieterburen

Yn de Dútske en Deenske Waadsee waarden krekt minder jongen teld. Hoe't dat kin, is net dúdlik. Yn it stik Waadsee by Sleeswijk-Holstein wie wol groei, krekt as by it Nederlânske diel. Foar ûndersikers toant dat oan dat de seehûnen yn de hiele Waadsee beskôge wurde moatte as ien grutte populaasje.

Spesjalisten út Nederlân, Dútslân en Denemarken hâlde de populaasje al jierren yn de gaten, troch mei lytse fleantugen oer de sânbanken te fleanen en de bisten te fotografearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)