Fries Museum iepenet webwinkel fanwege coronamaatregels

12 nov 2020 - 18:38

It Fries Museum yn Ljouwert hat in webwinkel iepene. Yn de websjop binne ûnder oare boeken te keap dy't útbrocht binne nei oanlieding fan tentoanstellingen yn it Fries Museum.

It Fries Museum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der binne publikaasjes te krijen oer tentoanstellings as dy oer skilder Lourens Alma Tadema, keunstner M.C. Escher en de tentoanstelling 'Wij Vikingen', oer de relaasje tusken de Friezen en Fikings.

Direkte oanlieding foar it iepenjen fan de webwinkel is dat it museum op it stuit ticht is fanwege de coronamaatregels. De winkel yn it museum sil nei alle gedachten nije wike tongersdei de doarren wer iepenje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)