Stynsgeaster krijt boete foar mishanneling nei bernebingo

12 nov 2020 - 18:24

In ynwenner fan Stynsgea, dy't op 28 desimber ferline jier yn in kafee oan de Geawei yn dat doarp in 39-jierrige doarpsgenoate mishannele, moat in boete fan 500 euro betelje. Dêrnjonken moat er 500 euro smertejild betelje oan de frou.

Foto: Shutterstock.com / LisaCarter

In heit (59) en syn soan (34) wiene ferantwurdlik foar de mishanneling. De heit sei dat in langrinnend konflikt de oarsaak wie. It slachtoffer soe mei lytsachting oer him praat ha, wêrnei't hy en syn soan har mishannelen. Nei in bernebingo yn it kafee joech de heit de frou in klap yn it gesicht. Yn in haltsje hat de soan har slein, wêrtroch't se mei de holle op in finsterbank foel.

De frou hie ferwûnings oan 'e holle, in brutsen noas en in brutsen skouderbonke. De soan is ein augustus feroardiele ta in wurkstraf en 2.500 euro smertejild. De heit krijt no dus 500 euro boete.

Alle trije nei slachtofferhelp

It foarfal hat foar alle belutsenen gefolgen hân: heit, soan en it slachtoffer ha har meld by de helpferliening. De frou is har wurk kwyt rekke. Se bleau benaud foar de fertochten en is yntusken ferhûze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)