FNP lilk oer toerisme-kampanje: "Wy wenje hjir net op de toendra's"

12 nov 2020 - 17:25

De FNP is min te sprekken oer hoe't Noardeast-Fryslân delset wurdt troch de Stichting Regiomarketing en Toerisme Noordoost-Friesland. Yn de kampanje wurdt sein dat it gebiet oan de ein fan de wrâld leit. Ek wurdt der oer it Frysk praat as is it negatyf, seit FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol yn Provinsjale Steaten.

Foto: Stichting Regiomarketing Toerisme Noordoost-Friesland

Earder baalde de FNP ek al fan de nijste toerismekampanje fan Merk Fryslân. Dy wie rjochte op de Friezen om yn coronatiid yn eigen lân toerist te wêzen. De FNP hat dêr skriftlike fragen oer steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.

Merk Fryslân sette de Aldehou del as de Fryske toer fan Pisa, wat apart is, neffens de FNP, want Friezen witte wol dat de Aldehou bryk stiet. En dy kampanje is bedoeld foar Friezen. Knol: "Krekt as binne wy hjir net bysûnder genôch en is in ferliking mei wat bekenders nedich om it gewicht te jaan."

Yn de nijste kampanje wurdt Noardeast-Fryslân delset as wie it de ein fan de wrâld. Dat jo der hast ôfkukelje, seit Knol. "Mar wy wenje hjir net op de toendra's fan Ruslân. Kinst it ek omkeare. Wêrom net de slogan: De wrâld leit oan dyn fuotten?"

Fierders hat de FNP argewaasje fan de sin: 'Wij hebben de naam stug te zijn en ons eigen taal te praten.'

Liesbeth Schievink fan de toerismestichting seit dat de kwalifikaasjes mei selsspot opfette wurde moatte. Se seit net ta der fuortendaliks wat feroaret yn de kampanje nei oanlieding fan de krityk fan de FNP. "Wy harkje nei elkenien en gean fierder mei dizze kampanje."

Under oare oer dizze tekst stroffelet de FNP: "Denk jij ook dat Land in Friesland aan het einde van de wereld ligt? Of je er misschien bijna vanaf valt? Dat je minstens een dag moet uittrekken voor de reis en zeker niet op reis moet zonder een flinke koelbox en thermoskan? Wij laten jou je reis zo maken als jij dat wilt, maar nemen je hier graag mee op micro-avontuur."

Sijbe Knol en Liesbeth Schievink

(Advertinsje)
(Advertinsje)