Boargemaster Smellingerlân wiis mei lanlik ferbod: "Dragen van messen is niet normaal"

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân is der wiis mei dat der in lanlik ferkeapferbod fan messen oan jongeren komt. It kabinet wol de ferkeap fan messen oan minderjierrigen lanlik ferbiede. It ferbod is ûnderdiel fan in breder pakket oan maatregels om it dragen en brûken fan messen troch jongeren tsjin te gean.
Ferkeap messen oan minderjierrigen lanlik ferbiede
"We hebben lang hierover gesproken met meerdere ministers. Ik ben blij dat het verbod er komt, al is het maar een deel van de oplossing", seit Rijpstra. "Het belangrijkste is dat jongeren ervan doordrongen worden, dat het dragen van messen niet normaal is. Het is gewoon strafbaar straks. Ook ouders moeten in deze bewustwording worden betrokken."
De oanlieding foar it messeferbod is tryst. Ferline jier kaam de 16-jierrige Roan Brilstra om it libben by in stekpartij op de Súdkade yn Drachten. Oan deselde strjitte hat Peter Veneboer syn camping- en outdoorwinkel. Hy ferkeapet messen dy't foar lytse putsjes brûkt wurde.

Hanthavening dreech?

Jongeren krije sa'n eksimplaar net samar mei. "Ik freegje by jongeren altiten nei harren identiteitsbewiis. Boppedat, as ik tink dat minsken net hielendal suver fan geast binne en mooglik oare bedoelings ha mei in mes, dan stjoer ik se fuort." Veneboer fynt it in goeie saak dat de nije wet der komt, al tinkt hy dat de hanthavening dreech wurde sil.
Mar neffens boargemaster Rijpstra sitte de plysje en de opspoaringsamtners der aanst boppe op. "Vergelijk het met de controle op alcohol. Dat mag ook niet verkocht worden aan jongeren. Als een winkel zich niet aan de regels houdt, riskeert die een boete of zelfs sluiting van de zaak."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It tal stekynsidinten ûnder minderjierrigen nimt de lêste jierren ta. Hieltyd mear jongeren hawwe in mes yn 'e bûse en dat fine guon jonges logysk, lykas Robin Bron. "Stel dat je midden yn in fjochtpartij telâne komme en de oare hat in mes, dan hawwe je neat oan je fûsten. Dan begryp ik dat jonges in mes by harren hawwe", seit Bron.
Hy fynt it lykwols goed dat der in messeferbod komt. "Dan hat net ien mear in mes en gebeure der ek net mear fan dy slimme ynsidinten, lykas ferline jier."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust