Bettere skearegeling nedich by sâltwinning Harns: "Oars ha je Grinslanner tastannen"

Stichting Bescherming Historisch Harlingen wol dat Frisia Zout al ûnder it sâltwinnen yn Harns in skeafûns opset. Dêrmei kin ek skea fergoede wurde dy't pas op de lange termyn oan it ljocht komt. Frisia wint sâlt ûnder de Waadsee foar de Harnzer haven. Neffens de stichting is de kâns grut dat it in flinke boaiemdelgong opsmyt.
De haven fan Harns © Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)
Yn Den Haag wurdt op dit stuit praat oer skea troch stienkoalwinning yn Limburch dy't pas sa'n 50 jier nei de winning oan it ljocht kaam is. De fraach is dêr wa't no foar de skea betelje moat, om't de mynboubedriuwen al lang net mear besteane.
Minister Eric Wiebes wol foar dy mynbou in skeafûns foarmje. Sa'n protokol wol Stichting Bescherming Historisch Harlingen dus ek foar materiële en ymmateriële skea by Harns. Stichting Bescherming Historisch Harlingen is yn 2014 spesjaal oprjochte ta beskerming fan Harns.

Skea falt no bûten kritearia

De stichting skriuwt yn in brief oan de kommisje fan Ekonomyske Saken en Klimaat dat der in 'financiële voorziening' komme moat, in skeaprototol dat ek 'maatschappelijk breed en enthousiast gedragen' wurde moat.
Der wurdt op dit stuit al wurke oan in protokol foar sâltwinning, mar neffens de stichting falt in soad skea yn it konsept bûten de kritearia. "Dat soarget der op it stuit hielendal net foar dat ús stêd, mei ús 600 monumintale pannen, dêrtroch ek dutsen wurde foar materiële en ymmateriële skea", seit Jarig Langhout fan de stichting. It kin gean om skea oan bygelyks tsjerken, brêgen, kaden, strjitten, wenten en skoallen.

Grinslanner tastannen

"As der skea is, moat dat betelle wurde troch de feroarsaker. Dat kin Frisia wêze. Dy moat dat fûns no alfêst folje. Dat wolle we yn it foar regelje, net achterôf. Dan krije je Grinslanner tastannen."
Jarig Langhout fan Stichting Bescherming Historisch Harlingen