Biblioteken helje boeken mei tradisjonele Swarte Pyt fuort

12 nov 2020 - 16:44

Berneboeken mei de tradisjonele Swarte Pyt binne ynkoarten net mear yn de biblioteken te finen. De sinteklaasferhalen mei de piten mei grutte earbellen en reade lippen binne net mear fan dizze tiid, sa is de tendins.

Biblioteken Swarte Pyt

Biblioteken yn it hiele lân binne drok dwaande om de boeken út de kolleksje te heljen. Sa ek de biblioteek yn Drachten, fertelt lêskonsulint Miranda Hartgers. "Vanaf 2014 begonnen uitgevers al met gekleurde pieten in hun boeken en wij gaan met die ontwikkeling mee", seit Hartgers. "Voor dit jaar hebben we er net even een slag extra doorheen gedaan, om te kijken of er echt niet meer een traditionele piet tussen zat."

Neffens Hartgers makket it de bern neat út dat de piten yn de boeken feroarje. "Ik heb zelf twee kinderen van vier en acht jaar en zij zijn het niet anders gewend. Het hele kleurbeeld verandert, natuurlijk, dus in dat opzicht is er vanuit de kinderen niet de vraag naar de traditionele Zwarte Piet."

De boeken dy't út de kolleksje helle wurde, gean fuort. Wol bliuwt fan alle boeken noch ien eksimplaar yn de Koninklijke Bibliotheek yn Den Haag lizzen. "Want het hoort ook gewoon bij de geschiedenis", seit Hartgers.

Miranda Hartgers fan de biblioteek yn Drachten

(Advertinsje)
(Advertinsje)