Hynders mishannele yn greide Ferwert, eigeneresse bot oandien

12 nov 2020 - 16:38

De twa Yslânske hynders Píla en Gjóla binne yn de nacht fan moandei op tiisdei mishannele yn in stikje greide krekt bûten Ferwert. Unbekenden hawwe de hynders mei in skerp foarwerp yn de fagina stutsen. Mei de hynders giet it goed. Eigeneresse Hennie van Oosten is bot oandien.

hynders

"Ik kwam dinsdagochtend hier om de paarden eten te geven. Ik zag een plas bloed liggen en ben gelijk op onderzoek uitgegaan", seit van Oosten. Se koe sa op it earste each neat fine. Pas doe't de hûn dy't mei wie, begûn te rûken oan de efterkant fan Píla seach se wat der oan de hân wie. "Ik heb direct een inwendig onderzoek gedaan. Het was mij snel duidelijk dat het niet goed was. Het was paars en blauw en dieper zat een bloederig gat."

Skeind

Om foar harsels dúdlik te krijen dat se it net oerdreau, frege se in freondinne om ek te sjen. "Die zei direct dat dit niet goed was. Ik heb toen direct de dierenarts en de politie gebeld." Doe die bliken dat ek Gjóla skeind wie. "Erger zelfs nog. De verwonding zat daar nog veel dieper."

De bistedokter hat de twa Yslanners ûndersocht. Van Oosten: "Ze kwam tot de conclusie dat het dier met een voorwerp bewerkt is. Geen mes, geen stok maar iets anders. De paarden krijgen nu antibiotica en pijnstilling."

Mei Píla en Gjóla giet it op it each goed. Se ite goed en rinne frij om yn de greide. De bistedokter is der ek fan oertsjûge dat se wer better wurde sille.

Befeiligingskamera en ferljochting

Foar Hennie van Oosten sels is de klap hurd oankaam: "Ik woon hier al dertig jaar. Ik heb mij altijd veilig gevoeld. Ik loop 's nachts naar de paarden toe om ze te voeren. Dat is weg nu."

Se nimt it sekere foar it ûnsekere en hat in befeilingskamera oanskaft en der komt in lampe te hingjen. Boppedat hat se oanjefte dien by de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)