Operaasje Fryske Flagge: Lenny van der Lei yn Denemarken

12 nov 2020 - 16:30

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze kear prate wy mei Jenny van der Lei, dy't al 25 jier yn Agerskov, Denemarken wennet.

Foto: Jenny van der Lei

Lenny wennet op in pleats yn Agerskov, yn it suden fan Denemarken. Se wennet dêr al 25 jier, mar noch altyd praat se Frysk, ek mei har bern dy't yn Denemarken hikke en tein binne. Se is út Aldegea Smellingerlân wei ferhuze om te buorkjen yn Denemarken, omdat se dêrfoar yn Fryslân gjin mooglikheid seach.

No hat se in pleats mei sa'n 900 kij. Dat is net neat, sa seit se sels, mar dochs bliuwt se der nochter ûnder. "Wy libje net om te wurkjen. Wy wurkje om te libjen!"

De sitewaasje oangeande corona yn Denemarken is neffens Lenny ridlik te fergelykjen mei de sitewaasje yn Nederlân.

"Yn de winkels moatte wy in mûlkapke op hawwe en ôfstân hâlde. It is noch net sa strang dat wy net mei minsken by-inoar komme meie. Ik leau dat it oantal no op tsien sit. Yn it noarden fan Denemarken giet it op it stuit wol need. Dêr binne se allegearre nertsfokkerijen oan it romjen. Dat is wol djiptryst. Dêr sitte se ek mear yn in lockdown no."

In oprjochte Fries om utens

Kinst Lenny in oprjochte Fries om utens neame: "Ik krige ferline jier in ammerke fan myn sus dêr't op stie 'Kinst it famke wol út de Wâlden helje, mar de Wâlden net út it famke'. No, dat kloppet wol."

Dochs is se net ûnwennich nei Fryslân. "Ik fyn it libben yn Denemarken moai. Ik mis Fryslân op himsels net. Ik tink dat ik mear it Fryslân fan eartiids mis, fan doe't ik jong wie. It is my dêr no fiersten te drok. Hjir haw ik in hiel protte romte om my hinne."

Operaasje Fryske Flagge: Lenny van der Lei

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 175 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)