Projekt 'Cyber Beppe' krijt 24.000 euro fan Oranje Fonds

12 nov 2020 - 15:16

It projekt Cyber Beppe krijt 24.000 euro stipe fan it Oranje Fonds. Mei it projekt wurdt de mooglikheid oan âlderein jûn om op digitale wize mei harren famylje en freonen yn kontakt te bliuwen. It is opset troch wolwêzenorganisaasje Kearn.

Foto: Kearn

Norma Klarenbeek fan Kearn fertelt dat ien fan de doelen fan it projekt is om de beppes, en fansels ek de pakes, in bytsje mear 'cyber' te meitsjen. "Het is een groot beeldscherm met goed geluid, waar ouderen hun vrienden en familie goed kunnen horen en zien. We werken met een beveiligde inbelverbinding, een heel eenvoudige zonder moeilijke inlogcodes. Dat is het grote voordeel", sa seit se.

Minsken berikke

De doelgroep is benammen de âlderein, dy't ûnder oare troch de coronamaatregels hieltyd minder kontakt hawwe mei famylje en freonen. Dy minsken berikke is net altyd maklik, sa seit Klarenbeek: "De mensen die eenzaam zijn, zie je niet altijd. Of vaak juist niet. Daar ligt de uitdaging. Hoe gaan we die mensen vinden?"

Kearn wurket nau gear mei thússoarchorganisaasjes om it netwerk sa breed mooglik te meitsjen.

Skitterjend

De earste reaksjes op Cyber Beppe binne tige posityf. "Ik ben zelf een aantal keer met het apparaat op pad geweest. Toen ben ik bij een oudere dame thuis geweest die kinderen heeft die door het hele land heen wonen", fertelt Klarenbeek.

"Ze had haar kinderen al een tijd niet gezien. We hebben toen alle kinderen online gekregen, en zij zat mooi in de woonkamer voor het scherm waar ze met alle vier haar kinderen tegelijk kon praten. Ze vond het fantastisch. Toen het klaar was zei ze: 'wat wie dat moai, skitterjend', daar doe je het voor."

In prachtich begjin

It projekt krijt no 24.000 euro fan it Oranje Fonds foar fierdere ûntwikkeling. It jild giet foaral nei it sykjen, oplieden en stypjen fan frijwilligers. Dêrneist giet it ek nei de oanskaf fan it apparaat en nei ûnderhâlden fan it netwurk.

"Het is natuurlijk niet veel. Het is zomaar op. Maar het is een prachtig begin om mee van start te gaan. We hopen heel veel mensen te kunnen bereiken. Hoe meer mensen we kunnen bereiken, hoe meer geld het ook kost", sa seit Klarenbeek.

Norma Klarenbeek oer it projekt 'Cyber Beppe'

(Advertinsje)
(Advertinsje)