'AutoMaatje' tenei ek yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

12 nov 2020 - 15:12

Gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel dogge tenei ek mei oan it lanlik inisjatyf 'ANWB AutoMaatje.' Dêrmei wurde minsken dy't bygelyks fanwege harren sûnens of leeftiid net mear ride kinne, keppele oan in frijwilliger dy't wol ride kin. Sa kinne minsken bygelyks dochs nei de supermerk.

Foto: ANWB Automaatje

Automaatje is in gearwurking mei de ANWB en wolwêzens-ynstânsje Kearn. Frijwilligers dy't ride wolle, krije fanwege it coronafirus fergees beskermingsmiddels tsjin it coronafirus, lykas in mûlkapke en moffen.

De start fan it projekt is fan 'e wike digitaal. Minsken kinne op moandei en woansdei in auto reservearje op it telefoannûmer 06-23793788 en der wurdt 30 sint de kilometer rekkene.

Automaatje rydt net yn Burgum en yn it gebiet fan de Trynwâlden en Hurdegaryp, om't de BurgumMobyl en Mobiel Vervoer Trynwâlden dêr al dwaande binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)