UPDATE: Plysje fynt stoflik omskot fan fermiste man (39) yn Drachten

12 nov 2020 - 20:54

De plysje hat yn Drachten it lichem fûn fan de al wiken fermiste Rients Plantinga (39). Syn stoflik omskot is tongersdeitemiddei fûn oan de Sportlaan yn Drachten.

Foto: De Vries Media

Plantinga wie op 9 septimber as fermist opjûn. Der waard in grutte sykaksje op tou set yn de omjouwing fan Drachten en Beetstersweach. Under lieding fan de plysje en SAR Nederland holpen tsientallen frijwilligers mei.

Neffens de plysje is der gjin sprake fan in misdriuw. It ûndersyk is ôfsletten en it lichem fan de man is oerdroegen oan syn famylje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)