Flinke skea by botsing op krusing Burdaard

12 nov 2020 - 14:40

Op de krusing fan de Dokkumerstraatweg mei de Kolkhuizerweg yn Burdaard binne tongersdeitemoarn twa auto's mei inoar yn botsing kaam. Beide auto's hawwe flinke skea oprûn. De oarsaak fan it ûngelok is nei alle gedachten in foarrangsflater.

Foto: De Vries Media

Twa persoanen binne neisjoen troch ambulânsepersoniel, mar ferfier nei it sikehûs wie net nedich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)