RIVM: 76 nije besmettingen, twa nije stjergefallen

Der binne de ôfrûne 24 oeren 76 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der sechstjin minder as woansdei, doe wiene it der 92. Sûnt ferline wike woansdei skommelet it tal nije besmettingen tusken de 73 en 92.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel wer fêststeld yn Súdwest-Fryslân (19). Alle oare gemeenten ha acht besmettingen of minder.
Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel twa nije stjergefallen meld, dat giet om ynwenners fan Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Der binne gjin nije sikehûsopnamen.
Lanlik binne der 5.658 nije besmettingen fêststeld, 240 mear as woansdei.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.