Automobilist oanholden foar trochriden nei ûngelok yn Ljouwert

12 nov 2020 - 12:30

In automobiliste dy't woansdeitemiddei trochriden is nei in oanriding mei in fytser yn Ljouwert, is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oanholden. De frou (51) waard ridend yn de belutsen auto oantroffen.

Foto: Kappers Media

It ûngefal barde woansdeitemiddei op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. It slachtoffer, in 78-jierrige man, rekke ferwûne en moast rap nei it sikehûs brocht wurde.

In tsjûge hie it kenteken fan de auto opskreaun.

(Advertinsje)
(Advertinsje)