Goed 12 miljoen euro subsydzje foar útbaggerjen havens Iselmargebiet

It Watersportverbond hat mei sukses pleite foar 12,1 miljoen euro kompensaasje foar ferienings dy't harren havens en fargeulen útdjipje moatte as gefolch fan it betidere lege wetterpeil yn it Iselmargebiet. Yn juny 2018 is in fleksibel peil ynsteld op de Iselmar om better ynspylje te kinnen op de ekologyske omstannichheden en it ferlet fan swiet wetter. Dat soarget lykwols foar problemen by guon havens.
Wettersportferiening Makkum, ien fan de dupearre havens oan de Iselmar © WV Makkum
Earder gie it legere wetterpeil pas yn op 1 oktober. Sûnt heal 2018 is dit nei foaren helle nei heal augustus, wêrtroch't der midden yn it farseizoen al in legere wetterstân wêze kin yn it Iselmargebiet en op de rânemarren. Foar guon havens hat dit ta gefolch dat de tagong te ûndjip is om de eigen leden en passanten binnen te litten.

Kompensaasjeregeling

Foar dizze havens hat it regioteam IJsselmeer/Markermeer fan it Watersportverbond, mei Hiswa-Recron, pleite foar in kompensaasjeregeling fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. It ministearje komt no mei in bedrach fan 12,1 miljoen euro foar ekstra útdjipping fan geulen en havenbekkens.

Twa fazen

De earste faze fan 7 miljoen euro is yntusken beskikber steld. Op in letter momint folget nochris de restearjende 5,1 miljoen.
Dupearre ferienings mei in eigen haven en oanringeul kinne in berop dwaan op dizze "tijdelijke subsidieregeling bevaarbaarheid IJsselmeergebied". Dat kin fia de webside fan de Rijksdienst ondernemend Nederland. Betingst foar de earste faze is dat baggerwurksumens foar septimber 2025 útfierd wurde.
Jan Ybema fan wettersportorganisaasje Hiswa Recron