Fjirde opsje foar Biosintrum Easterwâlde: ferkeap oan tredden

Hoe komt it mei it Biosintrum yn Easterwâlde? Der moat te folle jild by en de gemeente Eaststellingwerf siket al langere tiid nei oplossings. Der binne al in pear mooglikheden en dêr is no ien by kaam: ferkeap oan tredden mei behâld fan doelstellings.
© biosintrum.nl
Wethâlder Fimke Hijlkema ferraste de riedskommisje woansdeitejûn mei de nije ekstra mooglikheid: ferkeap oan in belanghawwende tredde partij mei behâld fan doelstellings. De ried wol gjin ferkeap oan in kommersjele partij. Dy soe him nammentlik rjochtsje op finansjele baten. Dat komt net oerien mei de doelstellings fan it Biosintrum.

Ferkeap no wol in opsje

Mar blykber is ferkeap no wol in opsje, mar dan wol oan in partij dy't belutsen is by it Biosintrum. Dy is yn byld, al woe de wethâlder gjin nammen neame. Zwart Beheer BV en Ecomunitypark Ontwikkeling BV binne bygelyks promininte partners yn it projekt.

Te hege ferwachtings

De 'rol en posysje fan it Ecomunitypark' waard yn juny taheakke as rânebetingst by elk senario foar de takomst, om't it Biosintrum útstrieling hat nei de omjouwing. It splinternije kennissintrum foar de biobased economy is yn finansjele need kaam troch ôffallers en te roaskleurige ferwachtings oer de eksploitaasje.

Reputaasjeskea

Oant no ta waard útgien fan de senario's ferkeap, ferhier of hierkeap oan de stichting Biosintrum en eksploitaasje troch de gemeente mei behâld fan doelstellings. It gebou ferkeapje, wêrby't de doelstellings opheft wurde soene, wie ûnder oare fanwegen de reputaasjeskea gjin opsje foar de gemeenteried.
Op 8 desimber wurdt de ried oer de ferskillende senario's bypraat.