Rabobank slút ien op de twa filialen, wurknimmers ûngerêst

12 nov 2020 - 14:54

De Rabobank moat bot reorganisearje en slút lanlik ien op de twa bankfilialen. Dat docht bliken út fertroulike stikken dy't it FD (Financieele Dagblad) yn hannen hat. Oft yn Fryslân noch mear filialen tichtgean as de fjouwer dy't dit jier earder oankundige wiene, is noch net bekend.

De Rabobank yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de bank is de reorganisaasje nedich om de winst op peil te hâlden. It giet net goed troch de lege rinte, feroarjend klantegedrach en corona. Troch ynkrimping fan it tal filialen en in noch gruttere sintralisearring fan de oanstjoering fan de pleatslike filialen hopet de bank de winst te behâlden.

Wurknimmers ûngerêst

It CNV is lilk dat de bank it fakbûn net op de hichte steld hat fan dizze rappe nije ûntjouwing. Se krije telefoantsjes fan ûngerêste wurknimmers dy't benaud binne foar harren filiaal. As dat tichtgiet, wurde se mooglik oerpleatst nei in telefoanysk helpsintrum. Dat is wol wat oars as klanten persoanlik helpe.

Wol reisfergoeding stilsette, mar gjin thúswurkregeling

It fakbûn wol dat der in goede opstapregeling komt en ek help by it finen fan in oare baan. Boppedat moat de Rabobank gau komme mei in thúswurkfergoeding. Doe't wurknimmers fanwege de corona thús wurkje moasten, wie de bank der as de piken by om de reiskostefergoeding ôf te skaffen, mar in thúswurkfergoeding is der noch altyd net, seit Robert Wonnink fan CNV Vakmensen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)