Pleit foar iepenbiere skaaktafels yn Bûtenpost en Surhústerfean

12 nov 2020 - 10:21

De werynrjochtingen fan de winkelsintra yn Surhústerfean en Bûtenpost liene har goed foar de realisaasje fan de earste iepenbiere skaaktafels yn de gemeente Achtkarspelen. Dat fynt de riedsfraksje fan GrienLinks.

Wurk yn it sintrum fan Surhústerfean - Foto: Atze van der Ploeg

Skaaktafels soargje foar ferbining en moetingen, wit de GrienLinks-fraksje op basis fan ûnderfiningen op oare plakken yn it lân. De partij freget it kolleezje om de fernijingen yn de doarpssintra oan te gripen om wurk te meitsjen fan de skaaktafelplannen. De fraksje stelt foar om it mei de doarpen te bepraten.

De rekonstruksje fan it winkelsintrum yn Surhústerfean is yntusken úteinset. Dat moat ein 2021 klear wêze. Yn Bûtenpost wurdt op it stuit wurke oan in plan fan oanpak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)