Film 'The happiest day in the life of Olli Mäki' tongersdeitejûn by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert dizze wike op trije jûnen in film út. Gjin Fryske film, mar films mei in noardlike fokus, krekt as it Noordelijk Film Festival, dat troch de coronamaatregels net trochgiet. Tongersdei: The happiest day in the life of Olli Mäki (Finlân, 2016). In film fan regisseur Juho Kuosmanen. De Omrop stjoert de film allinnich op TV út, hy is nét online.
It is in wierbard ferhaal, dat him ôfspilet yn 1962. Olli Mäki (spile troch Jarkko Lahti) is 25 jier en Europeesk kampioen boksen yn de lichtgewichtklasse. Hy kin wrâldkampioen 'vedergewicht' wurde as hy wint fan de Amerikaan Davey Moore. Der wurdt in wedstryd organisearre yn it Olympysk stadion yn Helsinki. Olli moat in pear kilo ôffalle en flink traine.

De holle derby hâlde

Mar Olli wurdt fereale op in famke, Raija, út syn bertedoarp. Hy kin de holle net goed by it boksen hâlde, en hy wol dat Raija hieltyd by him bliuwt. Foar de manager fan Olli is dat in grut probleem. Hy hat in soad media-oandacht regele yn de wiken foar de wedstryd, mar dan moat Olli fansels wol in bytsje meiwurkje.
De trailer fan de film:
'The happiest day in the life of Olli Mäki' is in moaie film oer sport en leafde. Swart-wyt, wat in moaie en sterke assosjaasje jout mei de jierren '60. De film lit net allinnich it persoanlike ferhaal fan de bokser sjen, mar ek it begjin fan de moderne sportkultuer op telefyzje. Olli wurdt folge troch in kameraploech, mar hy hat gjin mediatraining hân en hy fynt it allegear mar lestich.
'The happiest day in the life of Olli Mäki' is tongersdei 12 novimber jûns om 21.00 oere te sjen by Omrop Fryslân TV. De film wurdt mar ien kear útstjoerd en komt net online.