600-jierrige Dokkumer tsjerke yn it ljocht set

De Grutte of Sint Martinustsjerke yn Dokkum bestiet 600 jier. Om dat te fieren wurdt fan 11 novimber ôf jûns stilstien by de skiednis fan de tsjerke en de stêd mei spesjale ferljochting by it tradisjonele kloklieden.
Martinustsjerke yn it grien © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Op de nammedei fan de hillige Sint-Marten is de tsjerke foar it earst yn it kleurich ljocht set. De klokken wurde alle jûnen om tsien foar tsienen let. De betsjutting dêrfan giet werom nei de tiid dat Dokkum stedspoarten hie. De klokken warskôgen boargers en tútsjeboartsjende pearkes dat dy poarten om tsien oere ticht gienen.

Kleuren

De ljochtmêsten op de Markt by de tsjerke feroarje ûnder it lieden fan kleur. Earst jouwe se grien ljocht, fanwege de kleur fan it lânskip en de stedswâlen. Dan wurdt it blau, as symboal foar it wetter yn de grêften. Read stiet dan foar de bebouwing, it feilige plak binnen de poarten.

Bier

Der is fan alles betocht om it 600-jierrich bestean te fieren. Der is in boekje skreaun en der komt in eksposysje. Stedsbrouwerij Bonifatius hat bier makke fan de fruchten fan in âlde moerbeibeam yn de kleastertún by de tsjerke. Sa gau't de tastân yn de wrâld it talit, wol de organisaasje mear foarm en ynhâld jaan oan de fiering. Foarearst is der it kloklieden en it ljocht.
Martinustsjerke yn it blau © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Thea van der Schaaf fan de Grutte-Tsjerke-kommisje