Basispreemje soarchfersekerder De Friesland takom jier trije euro omheech

12 nov 2020 - 09:41

De soarchpreemje foar de populêrste basisfersekering fan De Friesland, de Alles Verzorgd Polis, giet yn 2021 mei trije euro omheech. Op dit stuit is de moannepreemje 125,45, dat wurdt 128,45.

Foto: De Friesland

Reden foar de ferheging binne de ferrommings fan de fergoedings yn de basisfersekering en de oprinnende leankosten yn de soarch. "Je ziet dat iedereen een cao-verhoging krijgt. Dat wordt altijd verdisconteerd in de premie", leit direkteur Steven Hofenk fan de soarchfersekerder út. "Er wordt ook meer gebruik gemaakt van dure medicijnen."

Eigen fermogen

De Friesland seit der alles oan te dwaan om de soarchpreemje betelber te hâlden. "Onder meer door goed te letten op onze eigen bedrijfskosten en door een deel van ons eigen vermogen in te zetten", seit Hofink. It is it sechsde jier op rige dat De Friesland eigen fermogen ynset om preemjestigings op te fangen. Dit jier brûkt De Friesland dêrfoar sa'n 13,5 miljoen euro.

Om op de eigen bedriuwskosten te besunigjen, hat De Friesland foarich jier reorganisearre. Hofenk: "Dat levert per saldo toch een miljoen of 4 of 5 op per jaar. Dat gaat natuurlijk helaas ten koste van banen."

De preemje fan de online polis fan De Friesland, de Zelf Bewust Polis, wurdt letter tongersdei bekend makke.

Steven Hofenk fan De Friesland

(Advertinsje)
(Advertinsje)