Cambuur ein novimber op in moandeitemiddei foar ynhelwedstriid nei Jong PSV

12 nov 2020 - 09:41

Sportklup Cambuur spilet moandei 30 novimber om 16:30 oere de ynhelwedstriid tsjin Jong PSV. De wedstriid waard earder dizze moanne skrast, omdat der by de ploech út Eindhoven in soad coronabesmettingen wiene.

Calvin Mac-Intosch makke ferline seizoen it iennige doelpunt - Foto: www.orange-pictures.nl

Dat de wedstriid sa'n opmerklik tiidstip krijt, hat te krijgen mei stjoerder FOX Sports. Dy wol safolle mooglik wedstriden live útstjoere, no't der gjin publyk yn it stadion wêze mei.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong PSV
(Advertinsje)
(Advertinsje)