Fan kroech nei patatferkeap: Waskemar, in doarp yn coronatiid

12 nov 2020 - 07:44

Hoe stiet it mei de leefberens fan in doarp yn coronatiden? Yn it doarp Waskemar is it doarpshûs ticht, der is gjin supermerk en dêrom binne der net in soad plakken dêr't minsken mekoar treffe. Mar dat kin no wol by de patatferkeap.

Ien fan de frijwilligers fan de patatferkeap is Ieke Otter. Se wennet har hiele libben al yn Waskemar en is bot belutsen mei it doarp. Mei in groep ynwenners fan Waskemar kaam in pear jier lyn mei it idee om wer in kroech te meitsjen yn it doarp.

Waskemar, mei krekt mear as 800 ynwenners, hat wol in doarpshûs mar dy sit by de sportfjilden oan de râne fan it doarp. Yn febrewaris iepene de Herberg, mar in pear wiken letter moast it troch corona alwer ticht.

Der giet sawat 70 kilo ierappels de kear trochhinne.

Ieke Otter, frijwilliger de Herberg

Mar Ieke koe net stilsitte, der moast dochs wat barre yn it doarp, fûn se. Dêrom binne de frijwilligers yn de simmer begûn mei patatbakken. Mar net patat fan de winkel, mar sels ierappels snije. "Frijwilligers makken de ierappels earst skjin mei boarstels, mar dat kin no net mear. Der giet sawat 70 kilo ierappels de kear trochhinne. Dêrom litte we de ierappels skrabje troch ien en dan ha wy farske patat."

De patatferkeap is op dit stuit wichtich foar it doarp. "De Herberg is in moetingsplak. It is op dit momint it iennige dat wy biede kinne. It is mei corona fansels oeral stil, yn sa'n doarp sjogge we noch wol nei mekoar om. Mei de 'afhaal' meitsje je dochs wol even in praatsje."

Foto: Omrop Fryslan

Yn de kommende tiid folget Omrop Fryslân it doarp Waskemar. Fan de basisskoalle oant it doarpshûs. Fan de fuotbalferiening oant doarpsbelang. Hoe giet in doarp en alle minsken yn it doarp om mei de coronakrisis? Watfoar effekten hat it op it doarp?

(Advertinsje)
(Advertinsje)