Ald-skûtsjeskipper Peter de Koe ferstoarn (64)

Ald-skûtsjeskipper Peter de Koe is moandei ferstoarn oan in hertstilstân. Dat hat syn famylje bekendmakke. De Koe is 64 jier âld wurden. Hy hat jierrenlang syld yn de IFKS. Hy die mei op it skûtsje Hoop op Zegen, fan 1992 oant 2011. Yn 2012 naam syn soan Paul de Koe it helmhout oer.
© Omrop Fryslân
Peter de Koe koe moaie ferhalen fertelle, sa as twa jier lyn yn it programma IepenUp Live
De Koe bleau aktyf yn de skûtsjewrâld, want hy libbe fan de wyn, sa't er it sels altyd sei. Yn Sleat hie er meardere skûtsjes te lizzen, dy't er ferhierde oan ûnder oare minsken dy't dermei op fakânsje woenen.
Foarich jier kaam er dêr noch mei yn it nijs, doe't socht waard nei in skûtsje dat meifarre koe yn de Amsterdamske Gay Pride.
Sipke Deelstra, âld-IFKS-bestjoerslid, oer it ferstjerren fan De Koe