Doarpswurk en Sport Fryslân hâlde webinar oer sûn lokaal iten

Molke fan 'Klara 89' of jirpels fan boerin Tjitske: troch it coronafirus binne in soad minsken har bewuster wurden fan sûn iten út de buert. De bakker, slachter en grienteboer om 'e hoeke krigen it yn de coronakrisis just drokker. Ek doarpshuzen kinne in rol spylje troch sûner iten oan te bieden. Sport Fryslân en Doarpswurk hâlde dêr tongersdeitejûn in webinar oer.
Griente en fruit © Shutterstock.com
It earste part fan de webinar 'Gezonde Dorpshuizen' giet oer hoe't doarpshuzen sûner iten oanbiede kinne. "We sjogge dat de tiid no ek goed is foar dizze aksje, want it bewustwêzen wurdt hieltyd grutter yn Nederlân", seit Theo Andreae, direkteur fan Doarpswurk.
De doarpshûsbestjoeren sille gebrûk meitsje fan Team:Fit, de wurkwize dêr't JOGG (Jongeren Op Gezond Gewicht) him mei ynset foar sûnere sport, ûnder oare troch it itenoanboad yn sportkantines en -hoareka sûner te meitsjen. Ek is der omtinken foar it belied op it mêd fan roken en alkohol.

"Gjin moraalplysje"

Dat betsjut net dat it fleske bier of de frituer folslein ferdwine. "Wy sille absolút net de moraalplysje úthingje. Elkenien is frij om te dwaan wat hy of sy wol. Mar wy wolle wol it bewustwêzen fergrutsje", leit Andreae út.
Der wurde dus sûnere opsjes oanbean, sadat der in bredere doelgroep oanlutsen wurde kin. Dêrneist wurdt de bettere kar stimulearre trochdat dy foaroan set wurdt en de net sûne opsjes minder toand wurde.

Doarpswinkel 2.0

De webinar giet ek oer it stimulearjen fan produsinten út de eigen omjouwing troch lokaal te boadskipjen. Sa witte minsken fan wa't se harren iten keapje, wêr't it wei komt en hoe't it ferboud is.
"Doarpswinkel 2.0 is in digitaal platfoarm fan it doarp sels dêr't minsken har lokale produkten oanbiede kinne", leit Andreae út. "Ynwenners kinne fia dat platfoarm har boadskippen dwaan en oer it algemien duorsume en biologyske produkten ôfnimme."
Boppedat fersterkje minsken dêrmei de lokale ekonomy en fergrieme se minder iten om't der minder skeakels binne tusken boer en konsumint. Noch in pluspunt dêroan is dat, sadree't de coronamaatregels dat wer talitte, der in moetingsplak kreëarre wurdt.
De webinar is tongersdei fan 19.30 oant 21.00 oere. Ynteressearren kinne har oanmelde fia de webside fan Doarpswurk.
Theo Andreae, direkteur fan Doarpswurk