Liveblog | 12 novimber 2020

Coronanijs 12 novimber: Asylsikerssintrum Sint-Anne wer coronafrij | Fertraging foar Nederlânsk faksin

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 12 novimber 2020, 23:14
23:00

Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog foar no. Tank foar it folgjen. Freed is der wer in nij liveblog.
Dit wie it wichtichste coronanijs fan tongersdei:
21:10

"Licht aan de horizon" foar noardlike sikehuzen

De sikehûzen yn Noard-Nederlân kinne stadichoan wer sjen nei it opskalen fan de reguliere soarch. It tal coronabesmettingen yn de noardlike trije provinsjes rint al in skoftke werom. Dêrtroch binne der minder ferpleechbêden beset mei coronapasjinten.
Neffens Frits Mostert fan it MCL yn Ljouwert is it noch fierstente betiid om de flagge út te hingjen. "Zover is het nog lang niet. We zien dat het aantal besmettingen in heel Nederland en ook in Fryslân wat lijkt af te vlakken. Zeker ten opzichte van wat we een goede twee weken terug zagen."
Mostert: "Er zit altijd een na-ijleffect in van het aantal patiënten dat in het ziekenhuis terechtkomt, maar gelukkig zien we in de ziekenhuizen dat het aantal patiënten op een coronabed wat terugloopt. En dat geeft wel een beetje licht aan de horizon, wat ons betreft."
Wurdfierder Frits Mostert fan sikehûs MCL yn Ljouwert
21:00

RIVM: Elkenien faksinearje duorret grif in jier

It duorret nei alle gedachten wol in jier foardat elkenien yn Nederlân faksinearre is tsjin it coronafirus. Dat seit Hans van Vliet, manager fan it Rijksvaccinatieprogramma fan it RIVM by de NOS. Nederlân krijt de beskikking oer maksimaal 11,7 miljoen faksins fan Pfizer.
Hoe't it faksinearjen krekt organisearre wurdt, is neffens Van Vliet noch net bekend. De tariedingen om Nederlanners massaal te faksinearjen binne lykwols "ver genoeg", seit er. It is de bedoeling dat âlderen en kwetsbere minsken earst yninte wurde. It is net wis oft dat mei it Pfizer-faksin bart of dat der ek gau alternativen op de merk komme dy't geskikter binne. De testresultaten fan oare faksins wurde ynkoarten ferwachte.
19:26

Azc Sint-Anne wer coronafrij

It asylsikerssintrum fan Sint-Anne is wer coronafrij. Earder dizze moanne rekken twa bewenners besmet mei it firus en sân oaren sieten yn karantêne. Yntusken is de besmetting wer foarby, sa meldt Jacqueline Engbers fan it COA.
Yn de oare azc's yn Fryslân binne sa út en troch ek besmettingen mei it coronafirus, mar neffens Engbers is de situaasje oeral ûnder kontrôle.
Jacqueline Engbers fan it COA fertelt oer de stân fan saken yn de Fryske azc's
17:00

Untwikkeling Nederlânsk faksin rint fertraging op

De ûntwikkeling fan in Nederlânsk coronafaksin hat mooglik wiken fertraging oprûn. De proeven mei it middel waarden yn oktober stillein nei in ûnferklearbere sykte by in proefpersoan. De Centrale Commissie Mensgebonden Onderzoek fan de Nederlânske oerheid hie in moanne nedich om it ynsidint te beoardieljen. Yn dy tiid leinen de proeven yn Europa stil.
Der soe yn it earste fearnsjier fan takom jier om talitting fan it faksin frege wurde, sadat yn it twadde fearnsjier de earste minsken faksinearre wurde koene.
16:25

NOC*NSF wol topkompetysje-werstart yn heal desimber

Sportkoepel NOC*NSF hopet dat de topkompetysjes fan ferskate sporten heal desimber wer oppakt wurde kinne. Kommende wike is der in oerlis mei topamtners fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport oer dit ûnderwerp. Op it profesjonele fuotbal nei lizze alle kompetysjes stil fanwegen de coronamaatregels.
De topkompetysjes moatte wer trochgean, om't sporters dy't meidwaan sille oan de Olympyske Spelen dêr wedstriden foar nedich hawwe. Foar de oare kompetysjes tinkt de direkteur fan NOC*NSF oan in werstart begjin takom jier. Dy ha minder prioriteit neffens him.