Bakwein bedarret op sydkant op A7 by Lúkswâld

Op de A7 tusken Lúkswâld en De Tynje is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in bakwein op syn sydkant bedarre. It ûngelok barde krekt foar healwei ienen.
© De Vries Media
De bestjoerder rekke net ferwûne by it ûngelok. Yn beide rjochtingen waard in part fan de dyk ôfsletten. De bakwein rekke foars skeind. In bergingsbedriuw hat de bakwein ôffierd.
Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend.