Grien ljocht foar ferhuzing fan roeken yn Easterwâlde

11 nov 2020 - 22:17

De ried fan Eaststellingwerf hat woansdei ynstimd mei it plan om roeken yn Easterwâlde 'met zachte hand' te ferhúzjen. De hoop is dat de beskerme roeken op in nij briedplak minder oerlêst jouwe.

Foto: Shutterstock, Ihor Hvozdetskyi

Al sûnt 2017 wurdt klage oer oerlêst oan de Karnakkers en de omjouwing fan de Kuunderhof. De fûgels melde har in oere foardat de sinne opkomt en binne aktyf oant it tsjuster wurdt. Se skite ek auto's ûnder.

Guon bewenners besochten de bisten te ferjeien, mar dêr hienen minsken fierderop lêst fan doe't de roeken by har foar de doar kamen. De kosten foar de ferhuzing wurde rûsd op tusken de 62.000 en 96.500 euro. De ried wol dat jild beskikber stelle. De provinsje hat in ûntheffing jûn foar de tarieding om de roek te ferjeien.

Noardlik fan Easterwâlde, 500 meter fan de briedbeammen oan de Karnakkers, kinne de roeken nei de gemeentlike beammen oan it Oost. Westlik is ek plak, oan de Duisterweg, by de rioelwettersuveringsynstallaasje.

Yn desimber wurde de 125 nêsten ferpleatst, dat bart mei eksperts. Dêrby meie laserpinnen ynset wurde.

Trefwurden: 
oerlêst Easterwâlde roeken
(Advertinsje)
(Advertinsje)