Easterwâlde krijt plak foar deibesteging foar deminte âlderein

11 nov 2020 - 21:15

ZuidOostZorg en de gemeente Eaststellingwerf begjinne jannewaris takom jier in deibesteging foar deminte âlderein. Dy komt yn ferpleechhûs Stellinghaven yn Easterwâlde. Der is plak foar 7 oant 10 minsken.

WMO-soarch - Foto: Shutterstock.com (Lighthunter)

Der is gjin yndikaasje nedich om nei de deibesteging te kinnen. Utgongspunt is sjen wat noch wol kin. Besikers wurde stimulearre en útdage om nije dingen te learen en te ûntdekken mei as doel dat se langer thús wenjen bliuwe kinne.

"In onze gemeente blijven steeds meer ouderen thuis wonen, ook ouderen met de ziekte dementie. Met dit aanbod kunnen we inwoners met dementie een plezierige en zinvolle dagbesteding aanbieden in de buurt. En wordt de mantelzorger ontlast van de zware zorgtaken", seit wethâlder Esther Verhagen.

Ek foar partners kin it in útkomst wêze. Deibesteging kin de partner ûntlêste. De gemeente en ZuidOostZorg wurkje ûnder oare gear mei húsdokters, wykferpleechkundigen en oare lokale organisaasjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)