Deputearre Poepjes op syk nei ekstra jild kulturele organisaasjes

11 nov 2020 - 21:00

Deputearre Sietske Poepjes fan kultuer sil sjen oft der dochs noch jild gean kin nei kulturele ynstellings dy't yn de nije subsydzje-perioade bûten de boat falle. It giet om organisaasjes lykas Friesland Pop, it Fries Lânboumuseum en it Befrijdingsfestival.

Friesland Pop - Foto: Denise Janssens

It nije belied komt fuort út de rop om fernijing en dy is der kommen. Sa krije ûnder oaren Popfabryk, Museum Belvédère, de Jeugdkultuerskoalle en dûnsselskip Ivgy en Greben foar it earst jild fan de provinsje. De oanfragen binne troch in eksterne kommisje beoardiele op artistike kwaliteit. It advys hjirfan is troch de provinsje oernommen. Foarhinne bepaalde de provinsje sels wa't jild krige.

Gefolch is dat dit ten koste giet fan in soad organisaasjes dy't al jierren wis wiene fan subsydzje en ûnderdiel binne fan de kulturele basis, sa fine guon politike partijen. Se fine dat dizze organisaasjes ûnmisber binne en freegje yn in moasje oan de deputearre om ekstra jild te sykjen om se fuort bestean te litten.

Maatwurk

De deputearre sil hjir mei oan de slach. "It is maatwurk en kin foar ien jier wêze of twa. Dat hinget fan de pot ôf dêr't it út komme moat. It is net struktureel, want we bliuwe as kolleezje stean achter it advys fan de eksterne kommisje." Foar de krystdagen moat bekend wurde hokker organisaasjes dochs noch op finansjele stipe rekkenje kinne.

Deputearre Sietske Poepjes

(Advertinsje)
(Advertinsje)