'Oanfiterkoälysje' fan banken, provinsje en fûnsen helpt bedriuwen troch coronakrsis
'Business Boost Fryslân' is de namme fan it oanfiterprogramma fan banken, de provinsje Fryslân en fûnsen as de FOM en NOM om bedriuwen troch de coronakrisis te helpen. Bedriuwen yn swierrichheden kinne by Business Boost fergees saakkundige help krije fia it bedriuweloket YnBusiness yn Ljouwert.
De provinsje betellet oan it programma mei út it budzjet dat earder frijmakke is om bedriuwen en maatskiplike organisaasjes troch de coronatiid te skuorren. Deputearre Sander de Rouwe fan ekonomy is foaral wiis mei de gearwurking mei de banken, dy't no bedriuwen mei swierrichheden trochferwize kinne, sa fertelde er woansdei oan Provinsjale Steaten.
Guon steateleden wiene kritysk dat se 'yn de krante' oer 'Business Boost' lêze moasten, wylst de steaten sels noch net ynformearre wiene. Sander de Rouwe lei út dat it inisjatyf ûntstien is troch in fersyk fan de steaten om mei de banken te praten, omdat it foar guon bedriuwen hjoed-de-dei dreech is om kredyt te krijen. "Dat wy no sa mei de banken gearwurkje is frij útsûnderlik", fertelt Sander de Rouwe. "It komt ek echt troch de coronatiid dat de banken dêr no foar iepen stean."
'Business Boost' is benammen bedoeld foar de wat gruttere MKB-bedriuwen mei personiel. "Dy kinne it faak wol even folhâlde, mar as in krisis langer duorret, of lykas no, mei in twadde golf, dan sjogge je dat mear bedriuwen yn de gefaresône bedarje. Dy bedriuwen moatte klear makke wurde foar de nije ekonomyske situaasje."
Help is fergees
Mei de earste trije bedriuwen binne yntusken al ôfspraken makke. De help fan ferskate saakkundigen oan de bedriuwen is yn prinsipe fergees. "It kin sa wêze dat bedriuwen de produkten of har wurkwize oanpasse moatte en dêrtroch earst ynvestearje moatte om wer fierder te kinnen."
De saakkundigen kinne de bedriuwen wize op finansieringsmooglikheden en ek in pear moanne begeliede. "It is foar de bedriuwen ek noflik dat se net troch de eigen bank holpen wurde, mar dat in oar meisjocht. De ûndernimmer bliuwt fansels baas en is frij om de advizen wol of net oer te nimmen."
In pear ton
De provinsje hat neffens De Rouwe no 'in pear ton' beskikber foar Business Boost. As de pot leech is sil De Rouwe de steaten om in nije bijdrage freegje. De deputearre ûnderstreket dat 'Business Boost' net yn it foarste plak in inisjatyf fan de provinsje is, mar fan alle belutsen partijen meiïnoar.