Wurk oan spoar: gjin treinen tusken Ljouwert-Grins yn part fan novimber

11 nov 2020 - 20:45

Op it spoar tusken Ljouwert en Grins wurdt meikoarten wer wurke om de ekstra sneltrein ride litte te kinnen. Dêrom ride fan 18 o/m 29 novimber gjin treinen tusken Ljouwert en Bûtenpost en op 21 en 22 novimber ride gjin treinen tusken Ljouwert en Zuidhorn. Op al dizze dagen wurde bussen ynset.

De trein fan Ljouwert nei Bûtenpost en Grins - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Op 30 novimber ride gjin treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Ek dan wurde bussen ynset.

Fan 27 o/m 29 novimber ride ek gjin treinen fan en nei Ljouwert, der wurde bussen ynset foar de trajekten Ljouwert-Harns Haven, Ljouwert-Starum en Ljouwert- Akkrum.

De ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins moat fan 14 desimber ôf ride.

Trefwurden: 
Ljouwert trein spoar Grins
(Advertinsje)
(Advertinsje)