SC Cambuur offisjeel perioadekampioen: wûnder tusken De Graafschap en NAC útbleaun

11 nov 2020 - 20:36

SC Cambuur is woansdeitejûn sûnder sels yn aksje te kommen perioadekampioen wurden. De Ljouwerters wiene ôfrûne moanne nei de oerwinning op Roda JC (3-0) al sa goed as wis fan de perioadetitel, mar teoretysk koe De Graafschap noch wol foarby Cambuur. Dêrfoar moasten se woansdeitejûn de ynhelwedstriid tsjin NAC Breda mei achttjin doelpunten ferskil winne. Dat slagge net: it waard 1-0 foar De Graafschap.

Fjoerwurk by de wedstriid tusken SC Cambuur en Roda JC - Foto: www.orange-pictures.nl

Troch de perioadewinst is Cambuur al wis fan in plak yn de play-offs om promoasje nei de earedifyzje. De klup hopet lykwols fansels gjin gebrûk te meitsjen fan dat rjocht. As de Ljouwerters by de earste twa yn de reguliere kompetysje einigje, promovearje se streekrjocht nei it heechste Nederlânske fuotbalnivo. Neist in startplak yn de neikompetysje is der oan de perioadetitel ek in jildpriis fan 60.000 euro ferbûn.

Foar oanfaller en kluptopskoarer Robert Mühren is it dûbeld feest. Hy waard earder al útroppen ta bêste spiler fan de earste perioade. Ek syn teamgenoat Issa Kallon wie nominearre foar dy priis. Trainer Henk de Jong en doelman Sonny Stevens ûntfongen ek in nominaasje, mar griepen neist de prizen foar respektyflik bêste trainer en bêste keeper.

(Advertinsje)
(Advertinsje)