Kabinet wol ferkeap messen oan minderjierrigen lanlik ferbiede

11 nov 2020 - 18:53

It kabinet wol de ferkeap fan messen oan minderjierrigen lanlik ferbiede. Dat ha de ministers Grapperhaus en Dekker woansdei witte litten. It ferbod makket diel út fan in breder pakket oan maatregels om it dragen en brûken fan messen troch jongeren tsjin te gean.

Messen yn beslach naam by in previntive fûillearringsaksje yn Ljouwert - Foto: Plysje Ljouwert

It kabinet hat mei plysje, Iepenbier Ministearje en gemeenten in aksjeplan opsteld om dit geweld tsjin te gean. Sûnt ferline jier ha der mear stekynsidinten west dêr't minderjierrigen by belutsen wienen. It dragen fan ferskate soarten messen is lanlik al ferbean.

Der komt ek in kampanje om wapenbesit te ûntmoedigjen mei lessen op skoalle. Ek moat it foar learlingen dy't har bedrige fiele makliker wurde om dat te melden en moat it makliker wurde om klûskes op skoallen te kontrolearjen.

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân hat him sterk makke foar it ferkeapferbod. Yn Drachten is foarich jier in jonge om it libben kaam, neidat er troch twa leeftiidsgenoaten delstutsen waard. Twa jonges, dy't doe 14 en 15 jier âld wiene, binne dêrfoar feroardiele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)