Plan dakleaze-oanpak Fryslân: mear oandacht foar jongerein

11 nov 2020 - 18:50

De wurkgroep 'Brede Aanpak Dakloosheid' wol 42 fte's ekstra foar dakleazeproblematyk yn Fryslân. Dat stiet yn harren plan dat tiisdei presintearre is oan it kolleezje fan de gemeente Ljouwert. Yn it plan stean 7 projekten dêr't se yn totaal 3,5 miljoen oan útjaan wolle, mei ek mear oandacht foar jongerein.

Foto: Omrop Fryslân

It oantal jongerein yn de dakleaze-opfang nimt ta, it is dreech om foldwaande passende húsfêsting te finen en de kompleksiteit fan de helpfraach nimt ta. Dat binne de problemen dêr't organisaasjes dy't stride tsjin dakleasheid op dit stuit tsjinoan rinne yn Fryslân.

Foar dizze problemen is op koarte termyn 3,5 miljoen euro beskikber fan it Ryk, mar wêr moat dat jild hinne? Dêr hat de wurkgroep 'Brede Aanpak Dakloosheid' oer neitocht.

"We hebben gekeken naar wat jongeren nodig hebben", seit Lara de Bruin fan dakleaze-opfang Zienn. Mei Sociaal Domein Fryslân, Leger des Heils, Limor en in tal gemeenten yn de wurkgroep hat De Bruin sân projekten oantsjinne, wêrfan't in oantal him fokusje op jongerein.

In fernijend projekt

Ien fan de projekten is 'Skills in de Stad', fertelt se. "Dit moet een plek worden waarbij alles samenkomt. Een fysieke locatie voor een groep jongeren met zeer complexe problematiek tussen de 18 en 35 jaar. Die raken nu versnipperd bij verschillende organisaties, maar die willen we bij elkaar brengen." Op dit plak soene de jongeren wenje kinne. Mar ek ûnderwiis, wurk en begelieding soe dêr oanbean wurde moatte. Neffens De Bruin is dit in fernijend konsept omdat no alles ferspraat regele is.

Lara de Bruin

Mei it jild dat no beskikber is, kinne foar dit projekt 9 fte's kreëarre wurde. De ynfolling en lokaasje fan Skills in de Stad is neffens De Bruin noch net dúdlik. Sa fier binne se noch net. "We zien nu dat het draagvlak voor het plan steeds breder wordt en we hopen dat we door het geld nu in een versnelling komen met het project."

Wat binne de seis oare projekten?

1. Koördinaasje fan húsfêsting foar minsken dy't opfongen wurde (3 fte's)

2. In team opstarte dat him rjochtet op ferbliuw te finen foar minsken dy't dreech te húsfêsten binne (7 fte's)

3. Twa regionale teams dy't yntinsive begelieding oan dakleazen jouwe dy't gjin oansluting fine by reguliere help (7 fte's)

4. 'Yntervinsjewurk' foar jongerein. De meiwurkers berikke jongeren dy't tusken wâl en skip driigje te fallen (4 fte's)

5. 'Gewoon Thuis' trajekten, foar it foarkommen en ferhelpen fan skulden en it opnij learen fan wenfeardichheden (10 fte's)

6. In transferpunt dat soarget foar oersjoch oer de ynstream en herkomst fan kliïnten, sadat se keppele wurde kinne oan in geskikt wenplak (2 fte's)

Trefwurden: 
dakleazen Zienn plan
(Advertinsje)
(Advertinsje)