Brieven leare learlingen en âlderen oer coronatiid en oarloch

11 nov 2020 - 18:20

Wat binne de oerienkomsten tusken de Twadde Wrâldoarloch en dizze corona-perioade? Dy fraach stelle learlingen fan basisskoalle it Haskerplak yn Aldehaske yn in brievewiksel mei âlderen fan wensoarchsintrum De Flecke op 'e Jouwer. De learlingen skriuwe oer corona en de âlderen fertelle oer de Twadde Wrâldoarloch.

Brief learlingen Aldehaske

"De âlderen fine de beheiningen fan de corona slimmer as yn de oarloch", seit wurknimmer fan De Flecke Mattie van der Horn. "Doe wiene se noch bern, no binne se mear beheind."

Fersierde brieven

"Sa, dit binne alle brieven dy't we skreaun ha," seit juf Janny Dijk fan basisskoalle It Haskerplak. Mei in grutte swaai smyt sy alle brieven op tafel. It binne der in stik as tsien. De brieven binne mei de hân skreaun en mei grutte plaatsjes en tekeningen fersierd. "It jout ek efkes wat leafde oan de âlderein," seit Janny. "Dy kinne se wol brûke yn dizze tiid."

Dy fersiering is in noflike bywurking, mar it is neffens Dijk net de wichtichste reden dat de learlingen brieven skriuwe. "Ik wol se gewoan wat leare oer de oarloch. We meitsje sa fluch in fergelyk tsjintwurdich, mar somtiden giet dat net altyd op."

Ilse de Jong (L) en Sasha de Jager (R) mei de brieven - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer WIllem Vermeltfoort by de basisskoalle yn Aldehaske

De brieven fan en foar de Flecke - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Beheinings, mar dochs oars

Njonken dat de learlingen sels brieven skreaun ha, binne der ek ferhalen fan de âlderein binnen kommen. "Die vond ik wel heel bijzonder," seit Sasha de Jager. Sy is learling fan groep 7 en hat ferskate brieven stjoerd. "Het zet je wel aan het denken. Het lijkt me zwaar om vijf jaar in een kelder te moeten onderduiken. Dat hoeven wij gelukkig niet."

Sasha sit yn de klasse neist Ilse de Jong. Sy hâldt in brief mei in grut read hert derop omheech. "De man dêr't ik in brief fan hân ha is 91. Hy hat sels corona hân en hat dat oerlibbe. Dat is wol hiel bysûnder. Dy oarloch is ek hiel heftich, want hy gjin frijheid mear. Hy moast jûns betiid nei binnen, sa fier is it by ús noch net."

De âlderein mei alle brieven - Foto: De Flecke

Geweldich foar de âlderein

Mattie van der Horn fan De Flecke hat alle brieven oan de bewenners jûn. "Sy wiene sa bliid mei dit idee. Se kinne har eigen ferhaal kwyt, krije nije kontakten en krije wat omtinken. Bysûnder is wol dat se de corona-perioade swierder ûnderfine as de Twadde Wrâldoarloch. Dat is te ferklearjen om't se doe jonger wiene en in protte mear bewegingsromte hiene. No sitte se gauris fêst yn de stoel. Dêr komt dan noch by dat se min besite krije. Dus dizze brieven binne we fansels tige wis mei."

Mattie van der Horn fan De Flecke oer de brieven

(Advertinsje)
(Advertinsje)