Caparisdirekteur hat 'hurde harsens' yn plan om soad minsken mei beheining oan wurk te krijen

11 nov 2020 - 17:50

It oantal minsken mei in arbeidsbeheining dat oan it wurk holpen is, is folle minder heech as earder tocht waard. Earder waard tocht dat der mear as 50.000 minsken oan it wurk holpen wiene, mar dat binne der mar 12.000. De oerheid hat mei wurkjouwers- en wurknimmersorganisaasjes ôfpraat dat it oer fiif jier 125.000 minsken wêze moatte.

Foto: Caparis

Alex Bonnema is bestjoerder by Caparis, de organisaasje helpt minsken oan it wurk dy't in ôfstân ha fan de arbeidsmerk. "Der moat hiel wat gebeure as se dat oer fiif jier helje wolle." De sifers fernuverje him net. Se ha it sels ek wolris ûndersocht. "Oan de iene kant binne de bedriuwen dêr't se dizze minsken oan it wurk ha hiel entûsjast. It binne hurde wurkers, en se binne loyaal. Mar oan de oare kant is it faak dat se der net genôch bekend mei binne: onbekend maakt onbemind."

It hat ek mei jild te krijen. In wurknimmer mei in beheining moat wat mear begelieding ha. Mei Empatec is Caparis fan doel om in kampanje op te setten om safolle mooglik minsken oan it wurk te krijen. "Tefolle steane no oan de sydline, dat is begrutlik en dat moat net." Bonnema tinkt dat it yn Fryslân om tusken de 7.500 en 9.500 minsken giet.

Neffens him kinne se fan alles dwaan, mei wat begelieding. "En dêr kinne we mei helpe. Mei tiid en en begelieding krije se it fertrouwen dat se meidwaan kinne en meidwaan meie." Bonnema tinkt dat de oprop om 125.000 minsken oan it wurk te krijen oer fiif jier net reëel is. "Dêr ha ik in hurde harsens yn."

Alex Bonnema

Trefwurden: 
Caparis wurk arbeidsbeheining
(Advertinsje)
(Advertinsje)