VVV Ljouwert hâldt nei 127 jier op te bestean

11 nov 2020 - 17:34

De VVV yn Ljouwert is ien fan de âldste VVV's fan Nederlân en hâldt no op te bestean. De lokaasje mei winkel yn de Achmeatoer slút op 31 maart de doarren.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Klaas Arie Beks, stichting VVV Ljouwert

De stichting VVV stedsregio Ljouwert hat finansjele tekoarten, sa skriuwe se yn in brief oan it gemeentebestjoer. Boppedat is it ferlet fan de toerist feroare mei de opkomst fan digitale media. Oare organisaasjes lykas Merk Fryslân en de gemeente hawwe taken oernaam fan de VVV.

De VVV-stichting ferwachtet dat de gemeente mei in goed plan fan oanpak komt. De toerist moat betsjinne wurde, mar hoe en wêr krekt, moat noch betocht wurde.

Klaas Arie Beks fan de stichting: "Wy wolle dat de 50.000 besikers dy't yn de winkel ûnder de Achmeatoer komme goed holpen wurde. It personiel dêr wit hiel goed wat der yn de stêd te dwaan is. De taak bliuwt, mar de gemeente Ljouwert moat bepale hoe. Ien winkel by it stasjon? En hoe berikke we dan de minsken dy't fan de parkeargaraazje by de Aldebou of op it Saailân nei it Fries Museum gean?"

Ien fan de âldste VVV's

Beks wit fierders noch te fertellen dat de VVV Ljouwert ien fan de âldste fan Nederlân is. De alderearste toeristen kamen mei de trein. "Wat in hiel soad minsken net witte is dat de VVV hiel wichtich wie foar de stêd."

Mercuriusfontein wie geskink fan VVV

"It wiene pommeranten by de VVV. De Mercuriusfontein, de Rengersfontein, in grut tal stânbylden lykas Us Heit mar ek in part fan de earste ynrjochting fan museum Princessehof is troch de VVV skonken oan de stêd Ljouwert."

Ferslachjouwer Ronnie Porte freget foarbygongers wat sy derfan fine dat de VVV ferdwynt

Trefwurden: 
Ljouwert VVV sluting
(Advertinsje)
(Advertinsje)